april 23, 2020
fan Maksim Nikiforovitsj Vorobjov*
Hy wie al âld, mar net fersliten,
seach al iuwen op it wetter út,
dat stadich streamde tusken rotsen,
boarne foar syn toarst,
foaral yn hjitte riten.
Syn krún seach meastal út op wolken,
dy’t beskermen tsjin tefolle ljocht,
in hekel hie er ek oan twirren,
kreakjend seach er hoe’t
it wetter skomjend kolke.
Hy tanke ’t lot foar iuwen foardiel
dat it fierwei fan it neidiel wûn,
mar ’t needlot flitste seis jier letter:
bolderjend spriek út
de tonger ’t lêste oardiel.
* Maksim Nikiforovitsj Vorobjov (1787-1855)
Skilderij ‘Iik spjalte troch in bliksemflits’
april 16, 2020
fan Jacob van Oost*
It wie him al ferteld
doe’t hy mar trije wie
en ’t potlead noch net woe
wat hy foar eagen hie:
‘It is de keunst dy’t telt.’
Se stiene bliid fersteld
dat hy it yn him hie
en linich sketse koe,
hy kriich fan master rie:
‘It is it byld dat telt.’
It byld seach ’t glimkjend oan
hoe’t hy it sprekkend die,
sa’t sy it hawwe woe,
hy foar ’t klassike gie….
fan har wie hy in soan.
* Jacob van Oost (1603-1671)
Skilderij ‘It skildersatelier’