juli 23, 2020
fan Vincent van Gogh*
Sy stiet yn de doar
en hat de dei de rêch takeard,
it wrotten binnen sit derop,
no hat sy ’t each op bûten
mei it jûnsread oan de loft;
sy heart in fûgelrop
dy’t oer de nacht al beart,
mar dochs bliuwt sy noch stean…
in útsicht as gjin oar.
Sy stiet foar it rút,
’t gesicht hat sy nei bûten keard,
om’t binnen har al lang ferfeelt
mei oars net as de oeren
fan itselde dit en dat,
de fraach is wat har skeelt,
sysels fynt, it is neat
wat har foar eagen stiet,
sy sjocht op muorren út.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Pleatske yn Nuenen’
Skilderij ‘Huzen yn Antwerpen’
juli 16, 2020
fan Marc Chagall*
Sy kamen roeiend út ’e stêd
mei as bestimming ’t plattelân
om dêr de stilte te belibjen
fan ûnder wetter, boppe blêd,
de kleuren sprekke har ek oan.
De leechte is der tuskenyn,
de romte fan it plattelân,
dêr fiele sy har oan besibbe,
it rûzjen fan de frije wyn
sprekt harren yn de stilte oan.
De hoanne stapt parmantich oan
mei op ’e rêch syn leave frou,
dy’t hâldt fan kleuren dy’t bûnt kraaie
mei ’t kraaien yn de iere moarn…
in hoanne is betiid yn tou.
De boat leit ûndertusken fêst
mei tou, dat rekket net mear los;
hoewol’t it wolkom kraait nei beide,
ha sy fan ’t lûde roppen lêst…
de rjochter komt deroan te pas.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘De hoanne’