december 10, 2025

fan ûnbekend*
It soe in Rembrandt wêze kinne,
wrâldferneamd de iuwen troch
mei portretten as identiteit,
syn selsportret slút twivel út:
‘Ik bin de master, ik allinne!’
Sjedêr de hear dy’t him net skamme
om te kommen op ’t portret
mei de noas as syn identiteit?
De skilder slút him sa net út:
‘Hy komt by my op ’t doek, ferjamme!’
Mar wa bisto behalve keunstner,
skilderjend yn Rembrandts styl?
Graach dyn namme as identiteit
of slútst dysels it leafste út
as wiest in hillige… of meunster?
‘Wêrom soe ik ien wêze moatte
dy’t him achtet wrâldferneamd?
As identiteit ha ik I.S.:
Ik Skilderje, slút my net út,
mar sa ha ik my wol ôfkoarte.’
* Skilderij ‘Man mei in swolm op syn noas’
november 21, 2025

fan Vincent van Gogh*
Stek it mar de hichte yn,
want wurch wurdt net in earm
fan hâlden sûnder kearen,
elkenien moat wol skerp sjen
nei giele boeken en dy iene roas,
in rykdom tusken fjouwer hannen,
lykwols stoar hy earm.
Wa stekt him de gek noch oan,
de skilder mei de tint
dêr’t minsken hjoed oer beare,
massa’s wolle dêrnei sjen,
ek nei dy boeken en de giele roas,
in rykdom tusken fjouwer hannen,
mar hy kriich gjin sint.
Gek is hy mei ’t skilderij,
probleem wie net it jild,
dat kaam knap foar de hearen,
sûnder op in sint te sjen
beseach hy steapels boeken en dy roas,
syn rykdom joech him dy yn hannen,
mar hy foel yn ’t fjild.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Giele boeken en in giele roas’