Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Eigen skepping

Keunst

fan Jopie Huisman*

Ik tekenje en skilderje
in nij begjin yn myn bestean
nei myn begjin as lêste bern
fan heit en mem, myn leave âlden;
ik lit in nije wrâld ûntstean
fan binnenút, myn eigen skepping.

Ik skilderje myn eigen striid.
it âlde tusken goed en kwea,
myn swakkens is my oan te sjen,
ik bring op doek de statusleazen,
de swalkers troch it lege gea,
fan binnenút, myn eigen skepping.

Ik skilderje it foddeguod:
fan Albertsje de ûnderbroek,
in keunstwurk, wurdich om te sjen,
in bak mei klompen en mei learzens,
in twadde libben komt op doek
fan binnenút, myn eigen skepping.

Ik akwarelje oan de ein
it âlde: skuorkes en in hûn,
op stjerren nei al dea, sa ken
ik myn ferfal, mar bliuw de âlde,
noch altyd mei ’t begjin ferbûn
fan binnenút, myn eigen skepping.

* Jopie Huisman (1922-2000)
Skilderijen ‘Foddekeapman Euze mei hânkarre’


admin

In pearel fan in faam

Keunst

fan Johannes Vermeer*

Hy hie har tusken earm en hert,
sa rûn hy nei de bakker
om har oan him te jaan
om’t hy him skuldich fielde,
net fanwege seks of sa,
mar wol om bôle foar syn bern.

Ut goederbêst hie hy har set
as pearel fol mei kleuren
om gjin figuer te slaan
dy’t him in skoaier fielde
by de bakker om de hoek,
sy bleau dêr earst om nei te sjen.

In sekssymboal is sy dus net,
al ha miljoenen eagen
har sjoen om acht te slaan
op wat sy skruten fielde,
sels Japanners mei gefoel
ha harren hert oan har ferlern.

* Johannes Vermeer (1632-1675)
Skilderij ‘It famke mei de pearel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum