juli 23, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
As profeet wurd ik bedrige,
wat de Hear my witte liet;
as laam dat nei de slachter giet,
hie ik dêr neat fan yn de gaten.
De bedrigers soene lige
as ik har dat sizze soe:
‘Hoe komst derby dat ik soks woe,
do bist ien fan ús bêste maten!’
Mar dat binne moaie praatsjes,
wie ’k in beam, dan lei ik om,
se laken har om myn lot krom,
myn namme waard net mear oer praten.
Nettsjinsteande sy my haatsje,
bin ’k net bang, de Heare sjocht
it hert oan, docht syn tsjinner rjocht
troch wraak te nimmen op myn haters.
Soan en dochter sille stjerre
om’t der neat te iten is,
de dea troch ’t swurd is like wis
foar wa’t bedriigje en kweapraters.
Foto ‘Omfallen beam’
juli 20, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik hie dy leaf, myn Israel,
en ek it folk fan Juda,
want jim wiene in olivebeam
mei griene blêden, goede frucht,
sa ha ’k jim yn ’t ferline neamd.
No binne jim net mear yn tel,
dus ha jim neat te meitsjen
yn myn hûs fanwege ’t âlde kwea;
de offers oan de ôfgod brocht,
betsjutte foar de beam de dea.
De fruchtbeam komt yn flammen del,
ferbrânt mei lûd geknetter,
fan de griene blêden bliuwt neat oer,
de fruchten wurde swart as roet…
myn grime is in lôgjend fjoer.
Yllustraasje ‘Olivebeam’