Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Leed as bestimming

Bibelbylden

fan Jan Luyken*
Jeremia

Mei sân pear earen moast ik harkje,
dêrfoar is men ek profeet,
mar meastal klonk in min berjocht,
myn mûle rûn dan oer fan leed.

De Hear woe fan syn folk neat witte,
al stie Samuël foar him,
sels Mozes koe foar ’t folk neat dwaan,
God harke net nei harren stim.

Hoe soe ik dan noch freegje doarre
wêr’t it foar ús hinne gie,
ik wist der kaam in min berjocht,
dêr’t ik al wer fersteld fan stie.

De Hear liet de bestimming witte:
Wa’t bestimd is foar de dea… de dea,
wa’t ornearre is foar ’t swurd… it swurd,
wa’t in lege mage hat… de honger,
wa’t as balling libje moat… de ballingskip.

Ik moast noch mear oer straffen hearre:
’t swurd soe liede ta de dea,
de hûnen sleepten liken fuort
en ’t wylde bist friet oan de lea.

Mei sân pear earen moast ik hearre
hoe’t de folken fan de wrâld
fan foarst Manasse griisden…
syn sûnden wiene mannichfâld.

* Jan Luyken (1649-1712)
Yllustraasje ‘Manasse bekeart him yn de finzenis’

admin

Toarst

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Myn eagen rinne oer fan triennen,
nacht en dei giet dat sa troch,
want brutsen is it earme folk,
foar dea leit it derhinne,
bûtenút slachtoffer fan geweld
en yn de stêd ferkwine
fan de honger, gjin profeet
dy’t noch wat oer de wei fertelt.

Dus kom ik mei myn bange fragen
by de Hear, is Hy der noch?
Fersmite Jo it folk foargoed
of komme der wer dagen
dat de minske yn jo eagen telt?
Wy binne yn ’t ferline
rekke fan de goede wei…
it is de drûchte dy’t dat meldt.

Gjin ôfgod kin it reine litte,
sels de loft hat noch net troch
dat wy fersmachtsje fan de toarst,
allinnich God lit witte
oan de loft dat wetter foar ús telt.

Foto ‘Drûchte’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum