november 12, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
‘De dreamen fan profeten
binne falsk, net nei myn wurd,’
sa seit de Hear,
‘troch sa’n optochte dream
ferjit it folk myn wiere lear.’
‘Dus pak Ik dy profeten
oan, want praat komt nei de dream,’
sa seit de Hear,
‘sy jouwe leagens út
foar dreamen, ’t folk ken my net mear.’
‘Gjinien kin him ferskûlje,
want Ik bin tichtby en fier,’
sa seit de Hear,
‘de hiele ierde nim
Ik yn, de himel sjongt myn ear.’
Yllustraasje ‘Ierde en himel’
november 9, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik bin roppen om te sizzen
dat net roppen binne de profeten
dy’t net harkje nei Gods wurd,
want mear hat Hy net tsjin har sein,
oars hiene sy it folk de rie
wol jûn te kearen op ’e wei
dy’t wis fiert nei de ein.
Harkje net nei dy profeten,
want sy ha har eigen fisioenen,
dy’t net strike mei Gods wurd;
tsjin lju, behurde yn it kwea,
wurdt sein: ‘It komt mei jim wol goed.’
Syn wurd, dêr harken se net nei,
in stoarm brekt har de lea.
Hoe’t Jeruzalems profeten
lige, is in ôfgriis yn Gods earen,
harren wurd sprekt tsjin syn wurd,
oan Sodom binne se gelyk,
Gomorra oan Jeruzalem,
fergif komt op har kweade wei,
har lichem wurdt ta lyk.
Foto ‘Stoarm’