februari 1, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
De Heare joech my dit berjocht
as antwurd op myn bidden,
dêr’t de Hear yn prize waard
as Rêder út Egypte wei,
mar ek as Hear dy’t bringt syn folk
it ûnheil om’t it eigen goaden socht.
‘Ik jou de stêd oan Babel oer,
want Baäl wie de god dy’t
offers kriich, sels kaam it bern
op ’t alter, waard oan him sa wijd,
wat Ik nea frege fan myn folk,
My meitsje dy grouwélichheden poer.
Lykas Ik al dit ûnheil brocht,
sil ’t folk fan My it goede
krije, want it komt werom
út Babel wei en dus by My,
Ik slút mei harren in ferbûn,
belibje oan Jeruzalem wer nocht.’
* Yllustraasje ‘Jeruzalem’
januari 28, 2023
fan Michelangelo*
Jeremia
Nei’t ik it lân kocht hie,
lykas de Hear my witte liet,
koe ik net oars as bidde,
sa’t it de profeten giet:
‘O God, Jo ha mei krêft
ta oansjen brocht it libben yn
de himel en op ierde,
lang is ’t geunstbewiis al lyn.
Jo hellen Israel
út slavelân Egypte wei
mei tekens en mei wûnders,
klear yn byld oant hjoed de dei.
It lân is harren jûn,
oan foarfaars tasein mei in eed,
sy ha net om jo sizzen
jûn… wa hie fan Jo noch weet?
It ûnheil komt oer har
mei oarloch, honger en de pest,
yn hannen fan de fijân
falt de stêd, it heil hat west.’
Hoewol’t der ûnheil komt,
de stêd it net mear hâlde kin,
moast ik it lân dochs keapje,
as in tsjûgenis hie ’t sin.
* Michelangelo (1475-1564)
Skildering op it plafond ‘Jeremia’