Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Undergong fan Damaskus

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

De stêden binne slim ferbjustere,
want se hawwe ’t boadskip heard
dat sprekt fan ramp nei ramp,
de eangst giet de bewenners op en ôf,
lykas de see dy’t nea ta rêst komt,
dat har takomst is fertsjustere.

Damaskus hat gjin moed mear, slacht op ’e
flecht en beeft fan skrik en eangst;
as by in frou dy’t krijt
in bern, beset de pine hiel it folk,
de stêd, romroft, leit der ferlitten
by, dit wenplak komt fan boppen.

Jongfeinten falle samar dea op strjitte,
manlju stjerre yn de striid,
de flammen lôgje op
en litte oan Damaskus ’t ûnheil witte.

* Foto ‘Damaskus’


admin

Undergong fan Edom

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

De wiisheid dy’t der wie yn Edom
fynt men yn gjin fjilden mear,
dêr’t Ezau eartiids swalke,
dêrom klaait de Hear him út,
bleat stiet syn neiteam tusken folken.

De buorlju sille net mear sizze:
‘Wees en widdo, kom by ús,
elk kin hjir stipe fine.’
Folken laitsje jimme út
en spotte oer jim wiis ferline.

Jim fine hâld heech yn de bergen,
like heech as ’t gierenêst,
jim wurde fûl delhelle;
as in liuw kiest Hy jim út,
jim ha dan neat mear te fertellen.

* Foto ‘Fleanende gier’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum