Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Hân yn hân

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Achab kaam oan it regear
yn Israel en liet him jilde
mei Izébel út it bûtenlân,
de frou mei Baäl hân yn hân,
dêr’t de Iene swier oan tilde.

Achab siet wol op ‘e troan,
mar seach Izébel heger rizen;
mei de frjemde goaden by de hân
brocht sy de kening oan ’t ferstân
dat dy Iene wie net wizer.

Achab gie dêr gau op yn
en liet in Baältimpel bouwe,
sette ek in wijde peal op ’t lân,
rûn mei syn frou sa hân yn hân,
’t soe dy beide noch berouwe.

admin

De iene godsstraf

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

De iene godsman is de oare net,
dy fan it godswurd foar Jerobeäm
moast nochter bliuwe op ‘e reis werom,
de oare hie fan praat ferlet
en noege ligend oan it miel:
‘Kollega, kom!’

De iene sûnde is de oare net,
it falske godswurd kriich de minste klam,
de folle mage droech de measte skuld,
sa is it yn it godswurd set,
it miel lei stienswier op ‘e siel,
it waard net duld.

De iene godsstraf bleau allinnich oer:
in liuw sprong ûnderweis op ‘e profeet
en deade him, gjin weet fan straf nei skuld,
hy taalde net nei minskefoer,
liet fan de man de mantel hiel,
hy hie geduld.

De iene godsman is de oare net,
dy’t libbe gie ek op ‘en paad, kaam oan
by’t strafplak, leunend op syn stêf,
fan leagens hied er gjin ferlet,
hy wie mei him doe ien fan siel,
sy dielden ’t grêf.

Image

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘De dea fan de profeet út Juda’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum