Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Dûbel berjocht

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Benhadad, de foarst fan Aram,
wie slim siik en dus benaud,
syn feint Hazael moast om rie:
‘Hoe giet it fierder, wurdt der roud
of komt myn hear wer ta de die?’

Mei geskinken op kamielen
kaam er by Eliza oan,
dy’t spriek fan libben en fan dea,
doe kriich syn stim in oare toan,
hy skriemde, frjemd, dat die er nea.

Wat er seach, liet hy ek witte
oan Hazael, Arams feint,
de nije foarst nei Benhadad:
‘Myn folksgenoaten wurde skeind
troch dy, dy’t gjin begrutsjen hat.’

Benhadad kriich dea en libben
fan Hazael yn it ear,
doe ek in tekken oer ’t gesicht;
de feint, foar’t keningskip wol klear,
beskôge ’t boalswurk as syn plicht.

* Ut de ‘International Bible Encyclopedia’
Yllustraasje �??Hazael bringt geskinken’

admin

Gjin fertrouwen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Hoe kin men op de Hear fertrouwe
neffens ’t wurd fan de profeet
as honger lang de oerhân hat
troch tadwaan fan foarst Benhadad
fan Aram, bringer yn de need…
der waard op strjitte roppend rouwe.

Image

De eigen kening op ‘e muorre
harke nei de rauwe klacht
dat soannen tsjinnen al as miel;
de iene mem joech sa har diel,
de oar hold oer har bern de wacht…
de mantel fan de kening skuorde.

In rousek kaam it folk foar eagen
dy’t de kening droech op ’t fel,
omdat hy gjin fertrouwen hie,
tsjin ’t sizzen fan de godsman wie;
fel klonk it wurd: syn kop moast del…
wa hie fertrouwen yn in leagen?

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Hongersneed yn Samaria’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum