Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Israels ballingskip

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

It wie noch net sa as it hearde,
mar Hosjéa wie de minste net,
dochs moast er bûge foar de wet
fan Sjalmanassar út it easten.

Hosjéa moast mei jild it rêde,
skatting jaan oan Sjalmanassars ryk,
dan wied er mei it easten lyk
en koed er sels as kening hearskje.

It wie net sa’t it einliks hearde,
mar Hosjéa woe in hiele kear,
hy spande mei Egypte gear
tsjin Sjalmanassar út it easten.

Hosjéa koe ’t dêrmei net rêde,
kaam telâne yn de finzenis,
ek foar it hiele folk wie ’t mis:
gjin eigen wenplak koe it easkje.

Image

* Assyrysk reliëf ‘Deportaasje fan Israel’

admin

Gjin einstriid

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Sassetta*

Image

Eliza lei op bêd, syn striid wie dien,
it wachtsjen wie noch op ‘e dea,
mar hied er Joäsj net ferwachte,
foarst fan Israel?
Dy skriemde omdat hy de godsman achte.

De striid fan Joäsj wie noch lang net dien,
Eliza seach dat mei it each
fan de profeet en joech fertrouwen
oan hiel Israel:
mei striid soe Joäsj oan de takomst bouwe.

Mei pylk-en-bôge stie er foar it rút
en skeat as teken fan de striid
tsjin Aram om dêrfan te winnen,
mar hy wie net fel
genôch yn ’t slaan en liet de einslach rinne.

Eliza blies de lêste siken út,
de ein fan folop libbenstiid
as godsman, troch de Iene achte.

* Sassetta (sirka 1400-1450)
Skilderij ‘De profeet Eliza’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum