Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Wetboek as stimpel

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Philips Galle*

Kin in jonkje kening wurde,
leaf en boartlik bern fan noch mar acht?
As ’t gie net inkeld om de macht,
dan wol; wat earst kaam, wiene wurden.

Josjia tocht oan de timpel,
liet syn skriuwer bringe ’t jildberjocht,
de hegepryster seach it ljocht
yn ’t wetboek, fan de Iene ’t stimpel.

Stimpel ûnder rjocht en frede
as it folk hold fêst oan it ferbûn,
mar ’t hie al lang de goaden jûn
wat yngie tsjin it hôf fan Eden.

Image

Josjia wie fan de wize
doe’t hy hearde hoe’t it moatten hie,
syn klean ferskuorde hy as die
fan boete, ’t wie om fan te grizen.

Wa soe wize wurden sprekke
oars as Chûlda, godsfrou yn de stêd:
‘It ûnheil komt it folk oer ’t mêd,
de tiid sil foar de kening rekke.’

* Philips Galle (1537-1612)
Yllustraasje ‘Josjia en it wetboek’

admin

Manasse’s omkear

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Manasse hat in foarbyld hân
oan heit Hizkia, Juda’s kening,
dy’t de Iene alle eare joech;
it foarbyld hold by him gjin stân
doe’t hy mei tolve kroan en septer droech.

Hy boude wer de alters op
de hichten foar it stjerreleger,
bûgde dêr foar elke wijde peal;
syn soannen brocht er fan de top
de delling yn, it fjoer die ’t wurk net heal.

Sa gie it nei de hichte ta
dy’t foar Manasse waard ta lichte,
want yn Babel kaam er yn de sel;
hy moast it wer fan bûgen ha,
lei no de holle foar de Iene del.

Image

Manasse hie ’t mei bylden hân
en mocht wer Juda’s kening wurde,
dy’t ferneatige elk ôfgodsbyld;
heit Hizkia’s foarbyld hold doe stân,
gjin bern hat letter noch de flammen field.

Yllustraasje ‘Smeekbea fan Manasse’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum