Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Edoms ûndergong

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Melozzo da Forli*

Image

Lit my no fierder sprekke,
ik, Obadja, Gods profeet,
oer Jakobs ûndergong en leed,
do, Ezau, hast dyn broer djip rekke.

Do hiest net gnyskje moatten
op ‘e dei fan harren ûndergong,
doe’t Jakobs folk yn ’t lijen stoarte.

Do hiest net komme moatten
om te sjen nei harren swiere gong,
mar do stiest breedút yn de poarte.

Do hiest net rôvje moatten,
mar dyn hannen giene harren gong,
sa hasto Jakobs rykdom koarte.

Do hiest gjin haast ha moatten
om te kommen op ‘e fjouwersprong,
de flechtling hast fan ’t paad ôf hoarte.

Lit my no fierder sprekke,
ik, Obadja, Gods profeet:
as Jakob rekkesto yn need,
it oardiel sil dyn libben brekke.

* Melozzo da Forli (1438-1494)
Keunstwurk ‘De profeet Obadja’
(Loreto, San Demeure) 

admin

Obadja oer Edom

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Jakob heit fan Israel,
broer Ezau heit fan Edom,
bruorrefolken troch de tiid,
mar Israel wie net yn tel
by Edom, ’t waard wer bruorrestriid.

Image

Harkje, Edom, nei ’t berjocht
dat ik, Obadja, hearde
fan de Iene, dy’t dyn striid
foar Babel seach as tsjin it rjocht
fan Israel, it is no tiid
dat grutman lytsman wurdt,
datst fan de hichte komst;
de rotskleau hat syn nocht
fan dy, do sakkest nei de grûn;
al woest wol wêze as de gier
dy’t hegerop syn nêstboarch bout,
de Heare hat fan Edom syn bekomst,
de tiid op hichte is ferrûn;
wa’t bûnsmaat wie, komt oer de grins,
de freonen binne net fertroud,
in strûp is set as foar in dier,
sa wurdt oan Edom ûnheil brocht.

Ezau, Edoms earste heit,
wie jager, mar as wizen
gie it neiteam troch de tiid,
’t ferstân briek ôf as wie it reid,
de lea ferblette yn de striid.

* James Tissot (1836-1902)
Tekening ‘Profeet Obadja’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum