Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Oars as oaren

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

De iene kening folge op ‘e oare,
Darius kaam oan de macht
en dielde ’t ryk sadanich yn
dat Daniël gie ’t foar de wyn,
hy bleau himsels, wie net feroare.

De oaren seagen doe mei skeane eagen
nei syn rêch, dy hold er rjocht;
har eigen paden rûnen skean,
want elk soe nei de kening gean,
’t gebed wie oars net as in leagen.

Se sloegen acht op Daniël syn mûle,
dy’t itselde die as oars:
deis trije kear betankje God
foar ’t libben, dochs waard oars syn lot:
it delgean yn de liuwekûle.

Image

* Yllustraasje ‘Daniël yn gebed’

admin

Mené mené tekel ûfarsin

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Ynienen wie it feestsjen oer,
want op ‘e muorre kaam beweging,
heimsinnich troch in frjemde hân dy’t skreau;
de kening rekke raar oerstjoer,
it wie de eangst dy’t him doe dreau.

De wizen kamen der net út,
’t moast komme fan de keninginne,
dy’t yn ’t ferline socht nei Daniël;
de kening waard doe resolút,
dat Daniël kaam daliks del.

Hy seach it skrift en doe werom
op kenings heit syn macht en heechmoed…
en delgong nei de ezels yn it fjild,
opdat de Iene krige rom,
dus hie de foarst him raar fertild.

Mené mené tekel ûfarsin:

‘God hat it keningskip hjoed teld,
it is te licht, sil dêrom brekke,
ferparte wurde oan de Pers syn ryk.’
Sa is de foarst de wierheid meld,
dyselde nacht waard hy ta lyk.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Belsjassars feest’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum