Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Harkje en jubelje

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Wol harkje nei in oare tiid,
want suver wurdt de taal fan folken
dy’t earder balten flok nei flok,
sy komme mei har jeften, wiid en siid
wurdt lûd de ear fan God fertolke.

Wol harkje nei deemoedich folk,
syn mûle hat gjin falske tonge,
gjin leagen lûkt as mist oer ’t lok,
gjin ûnrjocht driuwt oer ’t lân as tongerwolk,
dat folk sil foar de Heare sjonge.

Wol jubelje, hiel Israel,
kwea silsto net mear ûnderfine,
yn dyn fermidden is de Hear;
wa’t optein sjongt datst bist by Him yn tel,
foar dy sil ’t ljocht fan folken skine.

* Panielskildering ‘Profeet Sefanja’ (sirka 1900)
Sint Paneratius, ’s Heerenberg

admin

Foar Juda en tsjin de folken

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Image

Foar’t de dei komt fan de Hear
mei grime, fol benearing,
folk fan Juda, kom no gear,
it is de tiid fan jim bekearing.

Wee it folk tichtby de see,
jim minne Filistinen,
Juda hoedet op dat stee
de skiep, jim sille ’t net mear fine.

Folken fan it steile wurd
tsjin Juda moatte swije,
Moab, Ammon reitsje fuort,
myn folk sil jimme kriten krije.

Etiopiërs, wat nut
hat jim bestean op ierde?
Jimme komme om troch ’t swurd,
myn folk ha Ik it heil te bieden.

Wee it folk yn ’t fiere noard,
Assyriërs, jim reitsje
plat, de stêd wurdt ta in oard
dêr’t swarte fûgels har fermeitsje.

* James Tissot (1836-1902)
Yllustraasje ‘Profeet Sefanja’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum