september 30, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Al wer spriek God my oan as minskesoan,
diskear oer hout fan bosk en wyngerd,
oft wyngerd-hout wat foar hat
op ’e tûken fan de beam…
ûntkennend wie dy fraach fan toan.
Men makket fan it wyngerd-hout gjin knop
om ek mar wat oan op te hingjen,
dus lit it mar ferbrâne:
beide einen yn it fjoer,
de midden brânt dêrnei ek op.
De rynske wyngerd wie Jeruzalem,
it geve hout droech ripe druven,
dy’t no ferwylge binne,
dat gjinien ûntkomt oan ’t fjoer,
wat ik as minskesoan fernim.
* Foto ‘Branhout’
september 27, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
As minskesoan kriich ik te hearren
trije nammen: Noäch, Job en Daniël
dy’t trou de Heare tsjinnen,
fjouwer kear klonk ek in oardiel
oer Jeruzalem, net mear yn tel.
It earste oardiel wie de honger,
’t kaam der mei dy ramp op del
dat nimmen koe dit needlot keare,
sels net Noäch, Job of Daniël.
De wylde bisten as it twadde
oardiel kaam der ek op del
dat nimmen koe dit needlot keare,
sels net Noäch, Job of Daniël.
It skerpe swurd wie ek in oardiel,
’t kaam der mei dy slach op del
dat nimmen koe dit needlot keare,
sels net Noäch, Job of Daniël.
Pestsiik wie it lêste oardiel,
’t kaam der mei dy kwaal op del
dat nimmen koe dit needlot keare,
sels net Noäch, Job of Daniël.
Dy trije manlju waarden rêden,
want sy wiene by de Heare God yn tel
fanwege ’t goede tsjinjen,
mar Jeruzalem lei ûnder
’t oardiel, kâldwei kaam it dêr op del.
* Yllustraasje ‘Noäch warskôget it folk’