Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Omslach foar Jeruzalem

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Nei de Fredesfoarst wie ’t noch net dien,
hoewol’t de frede kaam fan Him,
liet ek de Iene ’t boadskip hearre
fan de omslach foar Jeruzalem.

Fan de hope binne fjilden grien
en foar in flotte fuotstap sljocht,
Jeruzalem lykwols stekt heger,
stêd fan wenjen yn it folle ljocht.

Moarns- en jûnstiid wikselje net mear,
de dei rint troch, foarby de nacht;
Jeruzalem skinkt libben wetter,
kriget sa de seeën yn de macht.

Harkje nei de Iene as de Hear,
Jeruzalem, stêd sûnder lêst,
Hy is de Kening fan de ierde,
skinkt sjaloom, dyn frede is foarfêst.

* Yllustraasje ‘Nij Jeruzalem’

admin

Fredesbyld

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Nei alle fisioenen
riisde foar Sacharja op
in byld as nea tefoaren:
de wrâld kaam op ‘e kop.

Der rint in ezelinne,
nee, gjin hynder troch de stêd;
dat byld mei djippe spoaren
leit op in hiel oar mêd.

In foarst rydt troch de strjitten,
needrich, mar syn wei is rjocht
nei ’t doel om te feroarjen:
de frede foar wa’t focht.

Hy  sil de ierde sizze
wat de wiere frede is,
fan see oant see sil gloarje
syn sizzenskip foar wis.

Jûchhei, do Sions dochter,
dochter fan Jeruzalem,
rop út as nea tefoaren:
de frede komt fan Him!

Image

* Yllustraasje ‘De fredesfoarst’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum