Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Holofernes en Achior

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Azors masters*

Holofernes spuide grime:
wat miende wol dat folkje Israel,
seach ’t út ‘e hichte op him del?
Hy koe it mei syn macht net rime.

Image

Achior spriek wize wurden:
’t ferline gie hy stap nei stap by del,
by God wie Israel yn tel,
it kaam net oan op ’t slaan mei swurden.

Holofernes’ offisieren
ferspuiden Achior syn wize rie
en woene daliks ta de die:
de deaslach en dan oarloch fiere.

Achior moast earst noch switte,
woe Holofernes, by de lichte del,
as freon fan fijân Israel
soe hy fan gjin genede witte.

* Bibelske keunst fan Azor masters
Yllustraasje ‘Achior foar Holofernes’

admin

Strategy en smeekbea

Bibelbylden
PDF Print E-mail
It ûnheilsnijs krong troch yn Israel
dat Holofernes sloech rûnom
de hillichdommen stikken,
gjin eigen god wie mear yn tel,
fier koe syn grypkloer rikke.

De timpel, koartlyn wijd, rûn ek gefaar,
panyk fleach troch Jeruzalem,
it hillichdom moast bliuwe;
de hegepryster Joäkim
soe opdrachtbrieven skriuwe.

Hjir is de strategy foar doarp en stêd:
Rûnom it eigen hillichdom
wurdt elke berch fersterke,
dat wrede Holofernes rêdt
it net.. of hat er flerken?

Mar dochs, wa is de Hear fan ’t hillichdom?
Syn sterkte kin Jeruzalem
beskermje tsjin de spearen…
it folk yn roukleed rôp ta Him
om ’t ûnheil op te kearen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum