november 5, 2016
fan Gustave Doré*
Wa koe âldman Elazar net,
al oer de njoggentich, mar rjocht fan rêch,
hy koe en hold him oan de wet,
iet rein en bea wol sân kear deis,
net foar de foarst, dus moast er foar ’t gerjocht,
se troppen yn syn mûle bargefleis,
hy spuide ’t út, wat foel yn ’t each.
De âldman kriich doe noch ien kâns:
in rein stik fleis, sabeare fan de baarch,
dan bleauwen wetten yn balâns,
dy fan de kening en fan God;
Elazar joech net op, syn rêch bleau rjocht,
mei iepen eagen rûn er nei syn lot,
de marteldea joech him gjin soarch.
Wol deale, wie dy âlde gek?
Hy soe ’t fernimme yn syn eigen fleis
mei hjir in slach en dêr in stek;
krekt foar’t it libben him bejoech,
klonk noch syn bea: ‘Ik ha dit offer brocht,
o Hear, want kenings wet jout smaak noch foech.’
Elazar joech de geast dy deis.
* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Dea fan Elazar’
november 2, 2016
fan ûnbekend*
Foarst Antiochus Epifanes
liet in brief útgean nei elke stêd,
dy’t spriek fan syn totalitêre macht:
de wyn derûnder,
draaie as in blêd,
dus jou op kenings wurden acht:
Ien foarst , ien folk, ien wet, ien god,
foar allegear deselde seden,
de sabbat komt net mear oan bod,
in barge-offer foar de frede,
ûnrein komt yn it plak fan rein,
de soannen wurde net besnien,
god Zeus sil troanje yn de timpel,
mei jim eigen Heare God is ’t dien
en dêrmei is no alles sein,
sjedêr it keninklike stimpel.
It wie in wet foar alle folken,
mar koe Israel it dêrmei dwaan?
Der kaam in skieding tusken wol en net:
’k Jou my derûnder.
Ik sil my net jaan…
hy hat syn eigen stimpel set.
* Yllustraasje ‘Barge-offer’