januari 18, 2017
fan Jan Janssens*
De twadde kear dat Gabriël
in boadskip op ’e ierde brocht,
wie oan de faam Marije,
dy’t kjel waard fan it kleare ljocht,
sy koe net oars as swije.
De ingel bêde ’t skriljen del,
sy stie by God yn ’t geunstich ljocht
fan gau al swier te reitsjen;
de soan dy’t sy it minskdom brocht,
soe elk gelokkich meitsje.
De tiding woe net yn har del,
as faam bleau sy dêrfoar te licht,
foar har gjin hege achting;
de ingel joech har wurd en sicht:
de Geast brocht yn ferwachting.
Marije fielde har op stel,
in glimke sierde it gesicht.
* Jan Janssens (1590-nei 1650)
Skilderij ‘De annunsjaasje’
januari 14, 2017
fan Gerard Hoet*
Lit ingel Gabriël mar sizze
wat er yn de timpel die,
want Sacharias koe it net,
hy wist him dêr gjin rie,
gjin wurd om út te lizzen.
It folk mocht net de takomst misse,
teken dêrfan waard it bern
fan Sacharias en syn frou,
hy koe it sa net sjen,
’t wie foar har net te rissen.
Dus moast er njoggen moannen swije,
noch de seine noch ’t ferhaal
oer ’t letter libben fan har soan,
de Geast soe jaan de taal
dy’t oanspriek: útsicht krije.
Sa hat de ingel it ferhelle,
want de pryster koe it net;
de wei fan Gabriël rûn troch
nei ’t stedsje Nazaret
om mear noch te fertellen.
* Gerard Hoet (1648-1733) e.o.
Yllustraasje ‘Sacharias yn de timpel’ (út LaHaye Bibel)