februari 18, 2017
fan ûnbekend*
Hoe faak en fier ha wy wol reizge,
net frijwillich, want it moast:
nei Betlehem, it gie om tellen,
ik wie swier en dêrom foel ’t my swier
dêr yn de stâl, gjinien woe ús as gast,
mar lokkich kin ’k it neifertelle.
Se moasten wol oant trije telle,
want ús jonkje seach it ljocht
dêr yn de stâl, it wie in wûnder,
mar al wer foel ’t my en Joazef swier:
it wie Herodes dy’t ús jonkje socht,
de dream fan rêding wie bysûnder.
Wy binne nei Egypte reizge,
hookstrooks middenyn de nacht,
it lân dat earst ús foarfaars telde,
ek de jonkjes deade, stjerrend wier,
mar lokkich hold it oer ús bern de wacht
oant wer in dream it felich melde.
Yn Juda hearden wy de tiding
fan memmen sûnder bern,
troch moardnershân de dea ynjage,
net te tellen en wer stjerrend wier,
it fielde as hie ’k sels in bern ferlern,
mar lokkich koe ’k myn eigen drage.
Ikoan ‘Marije en Bern’
februari 11, 2017
fan Stephen Gjertson*
Wêrom liet de Iene my soks sjen?
Op ierde wie ’k in kreaze faam,
de twadde frou fan Jakob,
mem fan Joazef en fan Benjamin,
syn berte ha ik net oerlibbe,
sadwaande dat ik by de Iene kaam,
in ivich libben nei myn sin,
mar wol belutsen by myn sibben.
Dêrom seach ik Joazef yn it lân
fan farao, as slaaf, ’t die sear
dat broers myn soan ferkochten,
mar it gie wol goed mei Benjamin,
hy hat as jongste elk oerlibbe;
de Iene brocht foar Joazef ek in kear,
hy soarge foar in goed ferrin,
hat nei in earlik lykwicht stribbe.
Wêrom moast ik op ierde sjen
krekt yn de tiid fan ’t berne Bern,
de omkear troch de Iene…
as ferstoarne mem fan Benjamin?
Hoefolle ha it ner oerlibbe…
’k ha bitter gûld om al myn deade bern,
Herodes praat de moard net skjin
op al myn leave lytse sibben.
* Stephen Gjertson (1949-…)
Skilderij ‘Rachel gûlt om har bern’