maart 18, 2017
fan Alexander Master*
It is net slagge mei dy fint,
dy’t dûbeld doopt is, ûnder wetter
en fan boppen mei de geast,
sa waard er ûnder ’t folk bekend,
ik tocht, myn kâns komt letter.
Dy geast brocht him yn de woestyn,
dat wie myn kâns, hy wie allinne,
fjirtich dagen sûnder wat,
ik kaam by him, rap as de wyn,
hy woe gjin brea fan stiennen.
Ik naam him mei de hichte yn
en woe him ta ha alle riken
fan de wrâld, ien knibbelfal
foar my en hiel de boel wie syn
besit… hy woe net wike.
Doe brocht ik him op ’t timpeldak
en sei, de ingels soene komme
om te heinen nei de sprong,
mar mis, want hy bleau op syn plak,
ik hie ’t ferlern ferdomme!
* Alexander Master illuminator
Skilderij ‘De trije fersikings fan Kristus troch satan’
maart 15, 2017
fan ûnbekend*
Nee, it giet net om myn namme,
want ik wie mar ien mei djip berou
en tagelyk hie ik wol hoop
nei al dy wurden fan de doper,
guon kamen op my oer as rau,
doch klonk syn boadskip autentyk,
dus gie ik ûnder wetter foar de doop.
Bjusterbaarlik wie it barren
fan de doper mei dy iene man,
dy’t dêr allinnich foar him stie;
ik koe de wurden net goed hearre,
wol sprieken de gesichten fan
ferskil, mar wa hie dan gelyk?
Wat jout dat ek, se kamen út ’e rie.
Wûnderlik wie wat der folge:
doe’t de man wer út it wetter wie,
seach ik in do yn strieljend ljocht;
ik koe it diskear wol goed hearre:
in stim dy’t it oer jonge hie,
ynleave soan… ik wist gelyk…
gjin minske hie sa’n himelsk boadskip brocht.
* Skilderij ‘Jehannes doopt Jezus’ (1400)