Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Lepralijer

Bibelbylden

fan Rembrandt*

Ik ha krekt by de pryster west
en hy hat sjoen: ‘Jo binne suver,’
sei er, ‘tiid om no te offerjen.’
It fel wie glêd, it fielde bêst,
mar tagelyk wat nuver.

Al jierren stie ik bûten spul,
as lepralijer bûtensletten
troch de mienskip, iensum doarme ik
fan plak nei plak as skurve sul,
troch elkenien fergetten.

Mar tichteby my seach ik him
yn stilte op ’e knibbels lizzen,
Jezus, wist ik, makke minsken sûn;
ik rôp en hearde ’t oan syn stim,
hy hie my wat te sizzen:

‘Jo ha my yn de stilte fûn,
’t is goed, ik wol, jo wurde suver.’
’k Fielde my net mear in skurve hûn,
in wûnder… justjes nuver.

* Rembrandt (1606-1669)
Tekening ‘Jezus en de lepralijer’

admin

Fan de feestlieder

Bibelbylden

fan Jan Cornelisz Vermeijen*



As lieder fan it brulloftsfeest
ha ik in romme ûnderfining,
mar wat my no oerkommen is,
sprekt fan in nije geast,
dy fan ferbining.

De gasten kamen witwêr wei,
út Nazaret in frou, Marije
en ek har soan,dat wie wol wis,
dy hie syn folk ek mei,
it koe bêst lije…

… sa’t ik earst tocht, mar ’t gie my oan,
want doe’t it feest rûn nei de hichte,
murk ik betizing by de wyn,
’t wie tusken mem en soan;
ien fan myn plichten…

… is ’t priuwen fan de nije drank,
der stiene foar myn noas seis krûken,
ik wie ferheard, wat hold dit yn?
De soan moast ha de tank,
it feest koe ’t brûke.

* Jan Cornelisz Vermeijen (sirka 1504-1559)
Skilderij ‘Brulloft te Kana’

 

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum