april 29, 2017
fan ûnbekend*
It lei fansels net foar de hân,
wol hearske op dy sabbat spanning
yn de synagoge;
it wie as by in fûle brân,
in protte folk kaam nei de preker.
Al jierren hie ’k in lamme hân,
gjin pine, mar ’t wie altyd spannend,
want ik soe net doge;
mei kunde hie ’k in goede bân…
mar nee, ik hie it net ferwachte.
Hy wonk my en dêr stie ik dan,
ferlamme troch safolle eagen,
ek fan Farizeeërs,
as diene dy ús yn de ban…
ik wist dat sy him djip ferachten.
Hy frege wat oer goed en kwea
op sabbat en syn eagen glieden
nei de Farizeeërs,
doe nei myn hân, wolnee, ’k hie nea
tocht dat dy better waard op sabbat.
* Tegel ‘Genêzing fan de man
mei de lamme hân’
april 26, 2017
fan Rien Poortvliet*
Doe’t ik myn sabbatkuier makke,
rûn in ploechje manlju troch myn nôt,
ik hie ’t fuort yn de gaten
dat der wat bysûnders wie;
earst like ’t dat se har fermakken
sa’t it jongfolk wol fan wille hâldt,
mar doe’t ik seach dat se myn ieren
plôken, wie ’k as boer gau út ’e rie:
ik soe derhinne,
kaam wol tichterby… doe bleau ik stean,
want ’k hearde Farizeeërs praten
oer dat gjinien op sabbat wurkje mocht,
mar ieren plôkje moast dochs kinne,
tocht ik sa, al bin ik dan ek eigner-boer;
de âldste fan de ploech liet doe syn ljocht
oer wat de Farizeeërs seine skine,
hy fûn har redenaasje krom:
de minske wie net makke foar de sabbat,
krekt oarsom.
* Rien Poortvliet (1932-1995)
Skilderij ‘Ieren plôkje op sabbat’