Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Bange learling

Bibelbylden

fan ûnbekend*



As learling hat men it net maklik,
want Jezus’ lessen binne dreech,
jim meie it wol earlik witte
dat ik bang wie en dat sit my heech.

De Fariseeërs ha ’t wol maklik,
sy binne machtiger as ús,
it driigjen kinne sy net litte,
dus wy fiele ús by har net thús.

Ik ha it net mear goed ûntholden
wat Jezus allegearre sei:
wy hoegden net benaud te wêzen,
wol foar God, dat brocht de hel ek mei.

Ynienen prate hy oer mosken,
gjin mosk wie ommers bang foar God
of… waard gjin mosk troch God fergetten?
Better as fan mosken wie ús lot.

As learling wurdst faaks ûnderfrege,
omdatst fan Jezus lessen learst
dy’t yngean tsjin bekende wetten,
dochs, seit hy, krijst stipe fan de Geast.

* Yllustraasje ‘Jezus oan it lesjaan’

 

admin

Konfrontaasje by it miel

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Ut goederbêst hie ik him noege
oan myn tafel foar it miel,
mei kwea hat hy it ús ferjilde,
gjin hap kriich ik mear troch de kiel.

Om’t hy foar iten net hanwaske,
brocht ik him dat yn it sin,
út goederbêst liet ik soks jilde,
de hûd moat foar it miel wol skjin.

Wy giene troch foar ûnferstannen,
ja, dêr skold er ús foar út:
‘Fan bûten skjin, mar net fan binnen!’
It wie noch net syn einbeslút.

Wy longeren op foarste plakken
yn de synagoge en
ferwachten groet nei groet te winnen,
want op ’e merk soe elk opsjen.

Ien fan myn gasten kaam nei foaren,
hie fan ’t skellen skjin syn nocht,
doe krigen wetgelearden ’t leksum,
se diene ’t sljochte folk gjin rjocht.

As gasthear koe ’k it net mear folgje,
binnen wie it spul wol oer,
ek bûten waard it praat net streksum,
wat oerbleau fan it miel, wie soer.

* Yllustraasje ‘Fariseeërs’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum