september 30, 2017
fan ûnbekend*
Do moatst it allegear mar leauwe,
net dat Jezus ûnsin praat,
mar soms begjin ik spyt te krijen,
’t leit no ienkear yn myn aard.
Net nedich, seit er, om te soargjen,
want dat docht in raaf ek net,
mar sûnder fretten moat er lije,
leau mar net, hy hat it ret.
Wy moatte op ús iepenst wêze,
seit er, want de hear komt grif,
mar ûnferwachts; hy sil net mijen
wêze, binne wy wat wif.
Dat hy it sei, is net te leauwen,
want op ierde bringt er fjoer
en twaspjalt, soks rint út op lijen…
ûnsin, wa kin dêr no oer?
Ik koe it ek oan Judas merke
dat sok praat him net foldie,
lit ús foarearst der mar oer swije,
mei de tiid komt grif wol rie.
*Ikoan ‘Tomas’
september 27, 2017
fan Jan Luyken*
Jawis, ik ha him master neamd,
omdat syn sprekken my wat die,
op him koe ik wol bouwe,
mar mis, ik kriich gjin wize rie,
beskamme hat er myn fertrouwen.
Nee wier, it wie gjin drege fraach:
oer ’t erfskip fan myn broer en my,
hy woe ’t net mei my diele;
syn antwurd kin ik noch net by:
woe ik dat hy foar rjochter spile?
Wy moasten harkje nei ’t ferhaal
oer ien mei jild, dy’t riker waard,
ferlet kriich fan mear skuorren,
mar hie er by dy romte baat?
Syn rykdom hat net langer duorre.
Bin ik dy rike mei syn jild?
Lykas myn broer ha ik dochs rjocht
op ’t erfskip fan myn âlden?
’t Ferhaal hat net it antwurd brocht,
wêrom sil ik it dan ûnthâlde?
Nee wier, it giet my net om ’t jild,
ik fiel my troch myn broer bekocht.
* Jan Luyken (1649-1712)
Ets ‘Gelikenis fan de rike dwaas’