mei 2, 2018
fan Mattias Stom*
Myn mantel ha ik stikken skuord
út hillich hertsear, wat er sei,
dat hy de Kristus wie,
as wetgelearden wisten wy it fuort:
godslaster, dy’t him dus de dea oandie.
Yn boeien kaam er by ús oan
al daliks nei’t er oppakt wie,
se seine nei in tút;
hy waard al earder sjoen as God syn soan,
’t bewiis moast komme foar it riedsbeslút.
De tsjûgen sprutsen elkoar tsjin,
dêr kamen wy net fierder mei,
hy stie der swijend by;
it timpeltsjûgenis hie ek gjin sin
en as ik earlik bin, ’t ferfeelde my.
Doe kaam de krusiale fraach:
oft hy de wiere Kristus wie,
sa’t sei it sljochte folk;
fan hillich hertsear loek ik oan de kraach…
hy soe meikoarten komme op in wolk.
* Mattias Stom (sirka 1600-nei 1652)
Skilderij ‘Kristus by Kajafas’
april 28, 2018
fan Caravaggio*
Ik hear it him noch sizzen:
‘Judas, do ferriedst my mei in tút?’
Hoe kin ik nei fannacht noch sliepe…
ik kin gjin kant mear út.
Ik moast it paad wol wize,
him oanwize, want it wie al nacht,
de tút… ek teken om te gripen,
gjinien stie dêr op wacht.
Ik hie dochs wol ferwachte
fan de oaren dat it fjochtsjen waard,
ik hearde letter dat se sliepten…
wie hy dan harren maat?
Mar wat ha ik te sizzen
oer de oaren, ik ha him ferret
en sa de pommeranten stipe,
foar my is ’t no te let.
Ik hear it him noch sizzen:
‘Jimme macht is tsjusternis!’
As lei hy doe myn ûnmacht iepen:
‘Do Judas hast it mis.’
* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘De tút fan Judas’