Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Ik bin soldaat

Bibelbylden

fan Gustave Doré*

Wat moast ik oars… ik bin soldaat
en doch myn wurk op elk befel,
sa bliuwt de keizer oan de macht
en myn soldij de bêste maat.

Noch hear ik lûd de hammer slaan,
hy joech dêrby gjin inkeld lûd,
myn maat sloech dêrop amper acht
en woe in lêste klap noch jaan.

Wat moast ik oars… ik die mar mei
doe’t lotte waard om ’t boppekleed,
wy holden sa ek wol de wacht…
’t is wier, it wie hjoed net myn dei.

Noch hein ik op syn hease rop,
in sucht om wetter, hy hie toarst,
myn maat sloech op syn fraach gjin acht,
ik rikte, mar hy sûgde neat mear op.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘De krusiging’

admin

Dûbel gûle

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Twa kear moast ik juster gûle,
yn it foarste plak om him
dy’t syn krús net drage koe,
dêrnei ek om Jeruzalem…
wy rekken op ’e doele.

Froulju binne gau yn triennen,
’t wie ek net om oan te sjen
hoe’t er ûnder ’t krúshout foel,
it gie te rûch, ek foar ús bern,
sa lyts as se noch binne.

Elkenien koe’t dúdlik hearre:
‘Gûle jim mar om jim bern!’
Om ússels, dat sei er ek,
dus eins om hiel Jeruzalem…
moast hiel de stêd dan stjerre?

* Ofbylding Missale Romanum
‘Gûlende froulju’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum