juli 14, 2018
fan Caravaggio*
De holle waard my read fan skamte,
wis, ik jou it earlik ta,
’k moast oeral altyd wis fan wêze,
sis mar it bewiis fan ha…
hjoed hat myn hân de tekens lêzen.
Myn maten woe ik earst net leauwe:
wa komt libben út ’e dea?
Se woene ha dat Jezus libbe,
mar ik frege oan syn lea
’t bewiis yn hân en tusken ribben.
Ynienen stie er yn ’t fermidden,
dat ik skrok my, seit men, dea,
’k moast fingers yn de groeden stekke,
kriich ’t bewiis as libben brea…
ik sjoch him dat by ’t miel noch brekken.
* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘De ûnleauwigens fan Tomas’
juli 11, 2018
fan James Tissot*
Broer Petrus wie der al mei kommen:
‘Jezus libbet, want it grêf is leech!’
It kaam frjemd op ús oer,
hy ropt wol faker wat by leech en heech,
mar doe, elk wie ferstomme…
… oer wa’t wy yn ús midden seagen:
Jezus, mar de doar wie wol op slot,
gjinien wist hoe’t dat koe,
it skeat earst troch my hinne: in komplot
om ús derút te reagjen.
Mar nee, wy seagen ’t oan syn side,
ek syn hannen sieten groeden yn,
it wie him, ‘t koe net oars;
doe blaasde hy op ús, de geast as wyn
soe ús wol fierder liede.
’t Wie Petrus oan te sjen, tefreden
wie er, grutsk sels op syn boaderol,
sa koene wy him wer;
wylst elkenien wie fan it barren fol,
joech Jezus ús syn frede.
* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘De ferskining fan Jezus’