augustus 11, 2018
fan ûnbekend*
Net dat ik soks ferwachte hie,
’k bedoel om Judas op te folgjen,
mar it lot foel hjoed op my,
in ropping, sa’t ik dat ferstie.
’t Wie Petrus dy’t de lieding hie,
hy liet him út oer ’t lot fan Judas,
dy’t foaroer foel, bluodrich ein,
op eigen ikker nei syn die.
Mei hûnderttweintich wiene wy
der, alle learlingen fan Jezus,
alles wie dêrmei wol sein,
it die ús allegearre nij…
… wat fierder oan de oarder kaam:
in nije tolfde sa die bliken,
’t lot foel net op Joazef, hy
hat my ’t grif net kwea-ôf naam.
It komt no oan op wurd en die,
dy beide moatte altyd strike.
* Ikoan ‘Mattias’
augustus 1, 2018
fan Fritz von Uhde*
Gjin twivel oan, ik moat it leauwe,
want ik ha myn les wol leard
en boppedat ha wy klear sjoen
hoe’t Jezus fan de ierde gie
nei boppen ta, it wie net neat,
ik seach dat wolken foar him dreauwen.
It wie net neat wat wy earst hearden;
foar’t er fan de ierde gie,
hat Jezus ús de opdracht jûn
fan him te tsjûgjen mei de Geast
dy’t oer ús komme soe om rie
te jaan, sa koene wy it rêde.
Hoe koe ik twivelje oan ’t libben
nei de dea? Ik moast it sjen
foar ’t my syn opstean dúdlik wie;
ik seach twa ingels, hjoed foar ’t earst:
‘Jim sille him wer sjen!’As bern
sa bliid ha wy it lok belibbe.
* Fritz von Uhde (1848-1911)
Skilderij ‘Himelfeart’