augustus 22, 2018
fan ûnbekend*
’t Is net út mysels weikommen
wat ik sein ha op it folle plein,
de Geast hat my de wurden jûn,
dy’t tsjûgen fan in nij bestean…
it harkjend folk wie as ferstomme.
Joël hat al profetearre
oer de Geast dy’t op ús komme soe,
dy wurden ha ’k it folk meijûn
en tekens om dat te ferstean…
it harkjend folk hat soks wurdearre.
David brûkte ek al wurden
dy’t ferwiisden nei in nij bestean
fan Jezus nei syn neare dea;
him is in himelsk plak oanbean…
sa is er mear as libben wurden.
Doe hat elkenien fernommen
wurden fan bekearing foar de doop
as opstean út ’e eigen dea,
dus koe it folk wer fierder gean,
elk op syn wei, alhiel ferromme.
* Fresko ‘Pinksterpreek fan Petrus’
augustus 15, 2018
fan Hendrick Bloemaert*
As froulju hearre wy derby
en fierden mei it Wikefeest,
de earste fruchten fan it lân,
mar hjoed, ik kin der noch net by,
it wie as krigen wy de geast.
Wy wiene op itselde plak,
ynienen hearden wy in lûd
dat wiisde op in sterke wyn,
hoewol’t wy sieten ûnderdak…
der wie gjin sprake fan yn noed.
It kaam noch frjemder op ús oer:
in fjoer en flammen dêrút wei,
op elkenien ferskynde ien;
wy wiene rekke troch it fjoer,
it wiisde ús in nije wei.
Wy praten frjemd en troch elkoar
as brûkte elk in oare taal,
doe hearden wy: ‘It is de Geast
foar jimme, mar ek foar de oar!’
It wiisde op in âld ferhaal.
* Hendrick Bloemaert (1601/1602-1672)
Skilderij ‘It delkommen fan de Hillige Geast’