Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Troch doarren hinne

Bibelbylden

fan Maarten van Heemskerck*

Noch nea is ’t ús oerkommen
dat kriminelen naaiden út
troch sletten doarren hinne,
dat elk stie as ferstomme.

Se neamden har apostels
fan Jezus, ek in frjemdenien,
sa’t yn de sel mear binne…
wa koe himsels ferlosse?

Se wiene finzen nommen,
want wûndertekens wiene dien,
dat ek noch yn de timpel…
it sil dy mar oerkomme.

It die al earder bliken:
se kamen út in frjemd sirkwy
en hiene al in stimpel,
grif net dat fan de Griken.

’t Is wier, ik ha net slomme,
ynienen seach ik wol in ljocht,
se seine fan in ingel…
hat dy de sel ûntromme?

* Maarten van Heemskerck (1498-1574)
Gravuere ‘Petrus en de oare apostels wurde
troch in ingel befrijd út ’e finzenis’

admin

Swier om út te dragen

Bibelbylden

fan Rafaël*

De opdracht weage swier foar ús,
wy hawwe twa útdroegen,
Ananias en Safira,
man en frou, sy kamen nea wer thús.

Sy hiene juster grûn ferkocht
en woene jild oerdrage,
alles wat se krigen hiene,
sa’t se beide seine, om ’e nocht…

… want Petrus hie de leagen troch,
de Geast waard sa bedragen,
net allinnich de gemeente,
sa’t er sei, ik hear syn oardiel noch.

Ik stie derby dy earste kear
doe’t Ananias weiwaard,
elkenien wie út ’e liken,
want dêr lei er, hie gjin siken mear.

De twadde kear seach ik noch krekt
it fallen fan Safira;
swier wie ’t om har út te dragen,
it is dan krekt as der wat brekt.

* Rafaël (1484-1520)
Skilderij ‘De dea fan Ananias’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum