september 19, 2018
fan ûnbekend*
Is it net bysûnder:
op my foel ek de kar,
ik, Nikolaos, oer de grins,
bekeard ta ’t Joadendom
en noch mar krekt fan Kristus,
foar my is ’t as in wûnder.
It is begûn mei in ferskil:
spul tusken Griken en Armenen
oer it dielen fan it deistich brea;
de drokte, want dêr gie it om,
der moast ferlichting komme
troch sân diakens neffens Petrus’ wil.
Elkenien mocht kieze:
wa’t fol wie fan de Geast
koe ’t wurde, ek ien oer de grins;
it gie my net om rom,
mar om it wurk foar Kristus…
hie ik wat te ferliezen?
Yllustraasje ‘De sân diakens’
september 15, 2018
fan ûnbekend*
Net dat ik folle wizer bin,
mar wat de skiednis ús fertelt,
moat yn de Hege Rie ek klinke,
’t hie foar hjoed teminsten sin,
want moard lost gjin problemen op,
ik moat dêr net oan tinke!
Ik ha wol neitocht oer it folk
dat Jezus earet as in held;
guon binne juster finzen nommen,
stelden harren op as tolk,
’t waard foar de Rie in grut probleem,
it soe ta deastraf komme.
De skiednis kaam troch my oan ’t wurd,
want earder hat dy lieders telt
dy’t foar har eigen eare preken;
ombrocht binne sy troch ’t swurd:
‘Dus lit ús wachtsje, ha geduld,
har delgong wurdt ta teken…
… of bringt dat Jezus-folk Gods Wurd?
Dan wurdt syn boadskip hjir ferteld.’
* Yllustraasje ‘Gamaliël’