oktober 3, 2018
fan ûnbekend*
In wûnder dat ik der noch bin
en net foar dea hjir lis,
’t is wier, ik ha de Geast útdage
mei ’t fertsjinne jild mei swarte keunst,
it gie my inkeld om gewin.
’k Wie rûnom yn de stêd bekend
om keunstkes, troch Gods krêft
sa sei it folk, út alle lagen
kamen sy mei fragen om myn geunst…
Gods krêft, jawis, ’k wie net oars wend.
Doe kaam Filippus yn de stêd
mei wûnders troch Gods Geast,
wat oars wie as wat ik útheve;
daliks frege ik him om de doop,
want hy liet witte: ‘Jezus rêdt!’
Filippus’ maten kamen mei
de jefte fan de Geast…
’t gie mis, se ha mei my ôfweve,
want mei jild hie ik noch alle hoop
dat ’k keapje koe wat my wol lei.
Mar nee, ik gie mei ’t jild te fier,
myn keunstkes ha neat fan de Geast.
* Yllustraasje ‘Simon biedt de apostels jild oan’
september 29, 2018
fan ûnbekend*
It is my troch de siele snien
hoe’t Stefanus de dea ynjage waard,
omdat er tsjûge fan de Hear;
wy moasten flechtsje foar ús libben,
want Saulus boaze oan de haat
tsjin ús, hy sparre yn de stêd gjinien.
Wy giene nei Samária,
it tsjûgjen fan de Hear kaam op my del,
in risiko, mar ek in ear;
ik wist my oan dat folk besibbe,
wy libben út deselde wel
en moasten mei elkoar op Jezus ta.
Sa gie ik troch dat gea op wei,
fûn oeral harkers mei in iepen ear,
koe wûnders dwaan as wie de Hear
derby, dy’t hiele ’t brutsen libben;
de haat fan Saulus die net sear
mear, mar ús libben stie noch altyd faai.
* Glês-yn-lead ‘Filippus’