november 14, 2018
fan Louis Cheron*
It is al jierren lyn
dat wy nei ’t noarden reizgen
as profeten fan de Hear;
ynienen rûsde ’t as de wyn:
de Geast foarsei in hongersneed
oan my, oan Him de ear.
It wie in boadskip oan
it folk dat Kristus tsjinne,
ree ta help as ’t safier wie.
De profesy komt út:
der wurdt neat mear fertsjinne,
elkenien sjocht oan tsjin moarn,
mar ’t folk fan Kristus naam ’t beslút
om bra te jaan as rynske die…
it sprekt my sêdzjend oan.
* Louis Cheron (1660-1725)
Skilderij ‘De profesy fan Agabus’
november 10, 2018
fan ûnbekend*
Antiochië,
in stêd alhiel yn ’t noarden,
dêr’t gjin kristen te bekennen wie,
de Gryk it foar it sizzen hie,
dêr hat de sege gloare.
Antiochië,
se stjoerden my dêrhinne:
‘Barnabas, do hast yn dy it fjoer
en alles foar it boadskip oer,
lit Kristus’ pleit dêr winne.’
Antiochië,
ik liet de stêd net lizze
lykas it dêr iuwen hinne lei,
it wie sa as de Gryk it sei,
mar Kristus soe ’t oars sizze.
Antiochië,
de stêd om Kristus hinne,
kristen waard de namme, foar it earst,
in wurd dat tsjûge fan de Geast,
it soe de wrâld trochrinne.
* Byld ‘Barnabas’