december 29, 2018
fan ûnbekend*
Se sizze dat it froulju eigen is,
’t gefoel dat der wat komme sil
wat ynfloed hat op ús bestean
of better sein: om mei te gean
op wei, nei Kristus’ wil.
Ek Paulus is mei maten ûnderweis,
út Troäs stieken sy oer see
om ús it boadskip fan de Hear
te bringen, ’t waard in ommekear,
foar myn gefoel wie ’k ree.
Mei poarper kleurje ik de bûtenkant,
wat slacht nei binnen, dat gefoel
fan djipgong, keninklik fan aard,
it kleed op ’t paad fan Kristus spraat…
Gods Keninkryk as doel.
* Ikoan ‘Lydia’
december 22, 2018
fan ûnbekend*
No stean ik werklik oan de kust
en hear it rûzjen fan de weagen,
dy’t my roppe: ‘Stek no oer!’
It is ferbylding, mar ek wier,
ik kriich it yn de nacht foar eagen.
Wy wiene wiken ûnderweis
en woene ôfslaan nei it noarden,
mar wat oars kaam op ús oer:
it wie as hold dat paad ús tsjin,
as moasten wy nei oare oarden.
Yn Troas seagen wy de see;
dyselde nacht lei ’k fêst te sliepen,
’k hearde doe: ‘Stek nei ús oer,
help ús yn Masedonië!’
Doe giene my de eagen iepen.
No stean ik werklik oan de kust,
moarn stekke wy oer Grykske weagen…
Jezus stiet foar ús oan ’t roer.
* Foto ‘See by Troas’