maart 9, 2019
fan ûnbekend*
As hegepryster sprek ik rjocht
op grûn fan joadske wetten,
dat sa’n rjochtspraak giet net om ’e nocht,
yn earnst moat ik in útspraak dwaan
oer wat resint ferkeard gien is,
foar my is dêr de saak mei sletten.
As hegepryster wie ik poer
op ien dy’t him fersette,
my doe útskold… wa kin dêr no oer?
Ik liet him earst troch oaren slaan,
dy Paulus wie fansels wol mis,
hy wie ’t fatsoen foargoed fergetten.
It rûn op strideraasje út,
hy wie in Fariseeër,
wie oer dea en libben resolút:
God soe nei ’t stjerren ’t libben jaan
oan wa’t, as my, rjochtfeardich is,
sa leaude net de Sadduseeër.
It lei him oan de kolonel
dat ik de saak net slute
koe, dy Paulus kaam wer yn de sel.
* Yllustraasje ‘De Hege Rie’
maart 6, 2019
fan ûnbekend*
Foar de tiid koe ik net witte
hoe’t myn taspraak rinne soe,
fan Jeruzalem gie ’t nei Damaskus,
as bline koe ik fierder sjen
en ha de wrâld it boadskip witte litten.
Troch myn taspraak kaam rebûlje,
om’t it folk net hawwe woe
dat ik it heilryk boadskip brocht,
myn wurd gie yn ’t geraas ferlern…
wêr koe ik foar de gaos eins noch skûlje?
Nearne, want de swipe drige,
wat fansels net heve koe,
omdat ik fan ’t begjin ôf boarger bin
fan Rome, ’t wie wol te foarsjen
wat ik as finzene te hearren krige.
Foar de tiid hie ik it witte
kind hoe’t alles rinne soe,
want de Hege Rie moast him útsprekke.
Ofbylding ‘Paulus’
Mozayk yn Rome