Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Ferfallen foarst fan Tyrus

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Foarst fan Tyrus, hear hoest wiest:
in toanbyld fan folsleinens,
fol fan wiisheid en ûneinich moai,
do wennest yn it hôf fan Eden,
edelstiennen hiest as toai,
do wiest in kearûb-ingel,
stiest op wacht, de wjukken wiid,
giest ek op wei de berch bydel,
mar doe briek oan in oare tiid.

Foarst fan Tyrus, hear hoest giest
de hannel yn, ferfallen
bist ta grutspraak, heechmoed en geweld;
ferballe út it hôf fan Eden,
waardst as wachter net mear teld,
bist op ’e ierde smiten,
wurdst slachtoffer yn it fjoer,
ferstoost as jiske yn it rûn,
neat bliuwt der fan dyn toanbyld oer.

* Yllustraasje ‘Kearûb-ingel’

admin

Fan de troan sakje

Bibelbylden

fan John Martin*

De foarst fan Tyrus lit ik witte
dat syn heechmoed weage heech
en dat er troane as in god
yn de midden fan de see,
hy sil dêr sa net lang mear sitte.

Hy hat troch tûkens yn de hannel
in fermogen opslein, goud
en sulver, docht him foar as god
yn de midden fan de see,
hy wie heechmoedich yn syn wannel.

De foarst fan Tyrus kin net sitten
bliuwe op syn hege troan,
in frjemd beslist rou oer syn lot,
lûkt it swurd tsjin al syn pronk,
sil him as deade sakje litte.

* John Martin (1789-1854)
Skilderij ‘De ûndergong fan Tyrus’




Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum