mei 25, 2019
fan ûnbekend*
Jim moatte witte, bêste minsken,
gjinien is oan in oar gelyk,
jim hawwe eigen jeften krigen,
yn de geast is elkenien dus ryk.
Dy rykdom leit net oan de minske,
de Geast komt yn him oan it ljocht,
dat ljocht begjint dan út te strieljen
as dy minske nei syn jefte docht.
De iene sprekt in wurd fan wiisheid,
in oare wurdt de kennis jûn,
in treddenien blinkt út yn leauwe,
alle trije binne geastlik sûn.
De iene makket siken better,
wer oaren kinne wûnders dwaan,
der binne ek dy’t profetearje…
soe de Geast dy jeften dan net jaan?
De iene ûnderskiedt de geasten,
in oare sprekt mear talen goed
of kin de talen krekt útlizze,
wit, de Geast stiet foar de jeften noed.
* Foto ‘Jefte troch de Geast’
mei 22, 2019
fan Rembrandt*
Myn reis giet faak fan plak nei plak,
dus gean ’k troch ’t libben as frijman,
net bûn oan frou of bern,
sa kin ’k frijút it boadskip bringe,
yn in tinte fyn ik ûnderdak.
Myn libbensreis slút man en frou
net út dy’t kamen ta ’t beslút
om trou te wêzen oan
elkoar en berntsjes grut te bringen,
mar mei mear persoanen stekt it nau.
De soargen fan it troude pear
ha mear te krijen mei de wrâld,
de dingen fan de dei
om ‘t oaren nei it sin te meitsjen,
foar ’t gefoel komt men dêr net mei klear.
Wa’t frij is fan in man of frou,
is tagelyk net frij, hat soarch
mei dingen fan de Hear,
dêrfoar kin men syn tiid frijmeitsje,
sa doch ik, ’k bliuw oan myn ropping trou.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Apostel Paulus’