juni 22, 2019
fan Rembrandt*
Ha ’k der ferkeard oan dien
om ’t boadskip fan de Hear te bringen?
Ik die net alles mei ferstân,
jim moatte dat ferneare kinne.
Ik ha myn bêst wol dien,
wat komt fan God, net myn fertsjinste,
mei jimme ha ’k in hechte bân,
hoe soene wy ’t oars rêde kinne?
Dochs sit ik wol yn noed
oer nep-apostels, dy’t sabeare
it boadskip bringe fan de Hear,
har eigen hear om jim te winnen.
Jim hoege net yn noed
te sitten dat ik soks net keare
kin, mei myn kennis komt it klear,
úteinlik sil ús Hear it winne.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Apostel Paulus’
juni 19, 2019
Jim witte, Titus is myn maat
yn ’t leauwe, ek myn reisgenoat,
giet út himsels nei jimme ta,
de iver wâlet út syn aard.
Twa maten giene mei op reis,
rop harren ek it wolkom ta,
ferlet fan min praat ha se net,
se binne leauwich ûnderweis.
Se bringe harren leauwe oer
en roppe goederjouskens op;
jim ha al faker jeften jûn,
dat skinke is foar jim gjin toer.
Wa’t sieddet mei in romme hân,
sil rispje mear as dûbelop,
want God skinkt oan wa’t oaren jout,
sadat ûntstiet de bruorrebân.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Apostel Paulus’