juli 20, 2019
fan ûnbekend*
God hat fan ivichheid al ôf
in prachtich plan hân mei de skepping,
in plan dat lang ferburgen bleau,
sûnt koart ha ’k ûnderfûn syn trou.
Gods plan kaam op myn kromme wei,
want Kristus hat it iepenbierre:
syn leafde dy’t my nei jim dreau,
foar jim perfoarst in ommeswaai.
In heiden kin ek mei op ’t paad
fan Kristus om nei God te reizgjen,
want sljochte is de djippe kleau,
elk hat by Kristus’ rykdom baat.
Ik mocht as allerminste fan
de hilligen jim ’t boadskip bringe,
dêr’t ik mei hert en siel yn leau,
net mear ferburgen is Gods plan.
* Yllustraasje ‘Gryksk wurd foar goddeleazen
yn de brief oan de Efeziërs’
juli 17, 2019
fan ûnbekend*
Wy wiene eartiids geastlik dea
doe’t wy noch net yn Kristus leauden,
mar libben sa’t de selssucht woe;
jim hawwe sels ek suchte
ûnder misse slaggen fan jim lea
en geast, wat oan de himel skreaude.
De himel reagearre mei
barmhertigens troch Kristus’ libben
fan leafde foar wa’t leauwe woe;
ferromme ha wy suchte,
want wy libben wer, in ommeswaai,
sadat wy nei it goede stribben.
It leauwe rint op dieden út,
dy komme sa by einbeslút.
Yllustraasje ‘Paulus op in muorre
fan in grot te Efeze’