oktober 19, 2019
fan Rembrandt*
Op ’e nij in brief, myn leave jonge,
de twadde dy’t ik oan dy stjoer,
diskear yn finzenskip út Rome wei,
my tinkt it lijen is gau oer.
Net dat ik my foar it lijen skamje,
ik hâld betrouwen yn de Hear
en wachtsje rêstich op ’e grutte dei,
wylst ik de drege tiid fernear.
Lit it fjoer fan Gods genede brâne,
syn Geast jout krêft om dat te dwaan,
al stiet dyn libben troch ’t bliid boadskip faai,
do silst it oan de harkers jaan.
Lit de bylden foar harsels mar sprekke:
fan Kristus bist in goed soldaat,
nim foar in priis de regels wol yn acht,
de boer hat fan syn wurkjen baat.
As wy mei Jezus Kristus stjerre,
dan libje wy tenei mei Him
as keningen, want Hy bliuwt ivich trou,
ek as negearje wy syn stim.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Paulus skriuwt brieven yn de finzenis’
oktober 16, 2019
fan ûnbekend*
Lit my oer de riken dit noch sizze:
driigjend is foar har ’t gefaar
om yn de strûp fan ’t jild te reitsjen,
lit har jaan om net it heil te missen.
Lit de slaven fan de riken tsjinje
sa’t it past, har hear de ear,
it sil ús mienskip riker meitsje,
elkenien sil sa it heil fertsjinje.
Timoteüs, dit wol ’k noch sizze:
war dy yn de goede striid
en stribje nei it wiere leauwe,
’t ivich libben silsto dan net misse.
Plafondskildering op hout
‘Oerwinningskrânse nei de goede striid’
yn de Saint-Michel kapel te Douarnenez