november 2, 2019
fan Paulus*
Titus, do bist net myn echte soan,
mar wol de wiere yn it leauwe,
dat ús hope jout op ivich libben,
want dêr koerst ús lear op oan.
Op it eilân Kreta hast de taak
om oeral âldsten oan te wizen,
mannen dy’t folút nei wierheid stribje,
dan is ’t Godsryk yn de maak.
Titus, dêr is ek in oare lear,
fan Joaden dy’t har wierheid roppe;
gean dêr skerp tsjinyn, har ierdske libben
is foar ’t Godsryk noch net klear.
* Minuskel (11e iuw) mei it begjin fan Titus
oktober 30, 2019
fan ûnbekend*
Dan noch de ein, Timoteüs:
no’t myn tiid hast kommen is,
hat gâns folk my sitte litten
dat foar bruorren trochgie,
sa ferrint it libben dus.
Myn bloed wurdt al ta offer stoart
sa’t ús Hear oerkommen is;
wit, de goede striid ha ’k striden,
’t leauwe wis beholden…
myn belidenis yn ’t koart.
Sa’t ik al skreau, it wie in striid:
útrûn ha ’k de wedstriidbaan,
dus fertsjinje ik de krânse
fan de Hear dy’t trochiet
foar betrouber troch de tiid.
* Yllustraasje ‘Lauwerkrânse’