november 30, 2019
fan ûnbekend*
Leauwe lit de minsken hoopje,
leit foar har de fêste grûn
foar dingen dy’t men noch net sjocht;
wa’t earder leaude, is al eare jûn.
Abel leaude mei syn offer
lof te bringen oan de Hear,
Dy’t tsjûge dat er socht om rjocht;
omdat er leaude, kaam it mei him klear.
Henoch leaude yn it libben,
dêrom seach er net de dea,
syn neisten ha syn lichem socht,
’t wie net te finen yn it hiele gea.
Noäch leaude yn Gods rêding
fan de ierde út ’e floed,
dus seach er yn de arke ljocht,
sadat it libben fynt syn wei… foargoed.
Abraham hie ear foar ’t roppen
fan in stim dy’t stjoerde nei
it lân dat him it libben brocht,
dat Abraham gie mei syn folk op wei.
Izaäk joech troch it leauwe
beide bern syn seine mei,
elk kaam sa ta syn eigen rjocht,
de iene hoeder, wat de oar net lei.
Jakob hie wol tolve soannen,
mar syn seine joech er mei
oan Joazefs soannen, oer har tocht
er as it trochgean fan it âlde skaai.
Joazef seach, omdat er leaude,
’t folk al reizgjen nei it lân
fan Gods belofte, op in tocht
troch de woestyn, by bergen lâns oer ’t sân.
Mozes leaude yn befrijing
fan Gods folk út slavernij,
sa hat er nije wegen socht,
troch wetter hinne wie de need foarby.
Leauwe lit de minsken hoopje,
leit foar har de fêste grûn
foar dingen dy’t men noch net sjocht;
wa’t earder leaude, is al eare jûn.
* Glês-yn-lead ‘Notre Dame’
november 27, 2019
fan ûnbekend*
Wa wurdt ta hegepryster roppen?
Hy dy’t stiet folslein yn ’t rjocht
dat boppe ierdske machten útgiet,
rjocht de rêch hâldt yn ’t bestean,
syn opdracht komt fan boppen.
Lit Melchisédek yn ’t ferline
’t foarbyld wêze fan it ljocht
dat fan in hegepryster útgiet:
Abraham bleau foar him stean,
dat ljocht soe him beskine.
Fan Melchisédek giet it fierder:
Kristus dy’t ek frede brocht;
ta hegepryster waard Hy roppen
om yn tsjinst fan God te stean,
mei rjocht wie Hy de siedder.
Ikoan ‘Melchisédek’