december 14, 2019
fan ûnbekend*
Wol harkje, bruorren, nei de tonge,
fan it hiele lichem is er lyts,
hy kin ferflokke, mar ek sjonge.
In hynder kin men maklik stjoere
mei de leie, yn de bek in team,
hy lûkt de karre mannich oere.
In skip, hoe grut ek op ’e weagen,
kin men stjoere mei it lytse roer,
de stjoerman hat de koers foar eagen.
It fjoer kin as in flam begjinne,
wreidet him yn de omjouwing út
en sil it fan de beammen winne.
De tonge kin in oar ferflokke,
ek al is er yn it lichem lyts,
dochs makket er faak rare brokken.
* Foto ‘Fjurrige tonge’
december 11, 2019
fan Rembrandt*
Wol net allinnich harkje,
ek al is it nei Gods Wurd,
hoewol’t dat yn beweging bringt;
it giet foaral om goed te dwaan,
de earme syn gerak te jaan.
It is as mei in spegel,
dêr’t men it gesicht yn sjocht,
dat al gau fergetten is;
wa’t dus ferjit om goed te dwaan,
sil om Gods spegel ek net jaan.
Nim Abraham syn leauwe,
dat him yn beweging brocht
om mei syn soan op wei te gean;
it is mei sizzen net te dwaan,
it leauwe seit om ’t hert te jaan.
’t Wie krektsa mei hoer Rachab,
want de die striek mei har wurd
doe’t sy de boaden yn har hûs
opnaam om feilichheid te jaan,
wat út it hert komt, stjoert it dwaan.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘It offer fan Abraham’