januari 4, 2020
fan ûnbekend*
De iene dei komt nei de oare,
wat wy witte troch de tiid
dy’t al foarbygien is;
wat ik jim no noch witte lit:
de takomst hellest net nei foaren.
Geduldich op ’e takomst wachtsje,
sa’t de boer docht op syn frucht,
dy’t wachtet op ’e rein;
jim moatte witte hoe’t it sit:
de komst fan Kristus sil men achtsje.
Profeten moasten kwea ferneare,
lykas Job, it wie in striid,
har takomst wie ûnwis;
sy hawwe oan it libben lit,
ferwachten útkomst fan de Heare.
* Skilderij ‘Job’
december 28, 2019
fan ûnbekend*
Grutsprekkers dy’t jim binne
troch te roppen: ‘Wy gean moarn
op reis en bliuwe dêr in jier
wêr’t wy it meast fertsjinje kinne!’
Jim binne as in ile damp
dy’t fluch ferfljocht, ’t is stjerrend wier.
Jim riken dy’t it winne
fan de earmen, dy’t neat ha
as hannen foar in bytsje lean;
jim sille jim noch raar fersinne:
it kapitaal wurdt ta in ramp,
de motten frette troch jim klean.
* Ikoan ‘Jakobus’