januari 11, 2020
fan Petrus*
In hurde stien om mei te bouwen
muorren foar in hillich hûs,
dat oant yn ivichheid bestiet,
dêr kin men op fertrouwe.
In hoekstien foar in ivich libben
is de Hear, in feilich thús,
dy stien ûntstie troch wurd en died,
Hy hat nei ’t heechste stribbe.
Lit jim dan ek as stiennen foegje
yn de timpel, ’t hillich hûs,
dat oant yn ivichheid bestiet,
as ’t prysterfolk jim bûgje.
God hat jim as syn folk oannommen
foar it bringen fan syn Wurd
en boppedat Gods died nei died
om goed teplak te kommen.
* Fragmint út ’e earste brief fan Petrus
(1 Petrus 2, 7-17)
januari 8, 2020
fan Pierre-Etienne Monnot*
Fan Petrus krije jim dit skriuwen,
as apostel fan de Hear
ferbliuw ik no yn Rome,
dêr’t ferfolgings jouwe noed,
mar moedich sil ik tsjûge bliuwe.
Jim moatte ek by Kristus bliuwe,
hope hâlde, ’t komt dan klear,
al wurde jim no pleage
troch fersikings fan kweafolk,
lit jim net nei de delte triuwe.
De delte is wat jim begearen
foar’t ús boadskip brocht in kear;
jim moatte hillich libje
nei de ein, de hearlikheid
fan Jezus’ komst, oan Him de eare.
Al wat no libbet, sil ferdwine
lykas gers, it is net mear
nei ’t skroeien fan de sinne,
sels de blommepracht falt ôf,
mar ivich sil Gods goedens skine.
* Pierre-Etienne Monnot (1657-1733)
Byld ‘Petrus’