Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Sletten boekrolle

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Nei de troanseal mei de Iene,
âldsten, fjouwer wêzens by de troan
seach ’k yn Gods hân in rolle
mei sân segels, yn it slot,
doe hearde ik op hege toan:
‘Wa sil de rolle iepenmeitsje
troch ’t ferbrekken fan it slot?’
Gjinien, omdat se der net wiene,
oerwinners fan it minskelot.

Nei de fraach ferstie ik wurden
dy’t ferwiisden nei it slachte Laam,
dat kriich fan God de rolle
mei sân segels, yn it slot,
doe hearde ’k hoe’t it fierder kaam:
It soe de rolle iepenmeitsje
troch ’t ferbrekken fan it slot;
der klonken oer Him wiere wurden:
It hie oerwûn it minskelot.

Net te tellen wiene alle
himelingen dy’t lûd rôpen: ‘Ear
en macht en krêft en wiisheid
foar Wa’t op ’e troan sit, God
en foar it Laam, wol tûzen kear!’

* Yllustraasje ‘Boekrolle mei sân segels’

admin

Gods troanseal

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Nei de kandlers en de stjerren
seach ’k in doar dy’t iepenstie
en hearde tagelyk in stim,
dy’t my nei boppen nûge,
wat in iepenbiering wie.

Yn de himel stie in troane;
strieljend as in diamant
seach ik de Iene sûnder stim,
dêrboppe wie de bôge
mei sân kleare kleuren spand.

Twa kear tolve himelâldsten
op har troanen om de troan
fan God, sy wiene ien fan stim:
‘Oan Jo komt ta de eare,
boppedat ús gouden kroan.’

Fjouwer wêzens sieten by de
troan: in liuw, in bolle, earn
en minske, tekens fan Gods macht,
sy hiene oeral eagen,
wjukken ek om heech te gean.

Wylst sân fakkels fjurrich lôgen,
tonger dreunde nei it ljocht
dat flitste út ’e troan fan God,
klonk fjouwerstimmich ’t roppen:
‘Trije kear is ’t hillich rjocht!’

* Yllustraasje ‘Yn de troanseal fan God’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum