Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Tarieding op it trompetsjen

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Ien segel bleau noch oer
om te ferbrekken troch it Laam,
it sânde segel briek Hy iepen…
wat my doe foar eagen kaam:
Sân ingels stiene foar de Hear,
dy’t sân trompetten krigen,
de achtste ingel gie by ’t alter stean
mei yn de hân in gouden wijreekfet,
de krigen krûden rûkten tige,
dy’t er op it gouden alter lei
mei ’t gebed fan alle hilligen,
opdat de reek opstige
nei de troan fan God;
it wijreekfet kaam doe fol fjoer,
dat de ingel nei de ierde smiet,
de wjerslach soe der net om lige
mei wjerljocht, dêrnei klap nei klap…
de sân ingels makken harren klear,
noch klonken de trompetten net.

* Yllustraasje ‘Sân ingels mei trompetten’

admin

Folk yn wite klean

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Foar myn eagen kaam in smite folk
út alle stammen, alle naasjes,
folk dat net te tellen wie,
yn wite klean, palmtûken yn de hân,
folk dat foar de troan
en foar it Laam stie,
lûd rôp it, ien fan toan:
‘It heil komt fan ús God,
dy’t op ’e troan sit, ek fan ’t Laam.’
Foar myn eagen kamen himelingen:
ingels, âldsten, wêzens yn in staasje
nei de troan, se songen, ien fan toan:
‘Wiswier, de lof, de hearlikheid,
de wiisheid, eare, macht en krêft,
dy komme ta oan God yn ivichheid.’
Ien fan de âldsten spriek my oan:
‘Dit folk komt út benearingen
fan honger, toarst en ek ferfolging
en drage allegearre wite klean,
dy’t wosken binne yn it bloed fan ’t Laam,
dat harren weidzje sil, dêrnei sil ’t gean
nei wetterboarnen fan it libben
en is it wer ta kalmte kaam,
God sil de triennen út ’e eagen feie.’

* Yllustraasje ‘Folk dat net te tellen is’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum